Mûne Wânswert wer teplak

11 okt 2012 - 14:44

De mûne fan Wânswert wurdt hjoed wer teplak set. It ôfrûne healjier is de mûne restaurearre. Under oare de fundearring moast oanpakt wurde, omdat dy net mear stevich genôch wie. Fierders is der nij reid op de mûne kaam. De bedoeling wie dat de mûne tongersdeitemoarn betiid wer op syn plak stean soe, mar by it pleatsen fersakke de kraan. Der moast dêrom in oare kraan komme om de kraan wer oerein te krijen.

Mei-inoar hat de restauraasje 335.000 euro koste. Nei ferwachting docht de mûne it ein novimber wer hielendal.

Trefwurden: 
mûne Wânswert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)