'Monnikenloop moat grutter'

De VVV fan Skiermûntseach ûndersiket oft der romte is foar mear dielnimmers oan de Monnikenloop. Oant no ta meie net mear as 700 minsken meidwaan oan de jierlikse hurdrinwedstriid op it eilân. Der binne net genoch dûsen en klaairomtes.
De VVV wol graach romte hawwe foar 1000 oant 1500 dielnimmers. It binne foaral de rinners sels, mar ek de bewenners fan Skiermûntseach en it bedriuwslibben dy't de Monnikenloop grutter hawwe wolle. Sneon oer in wike wurdt it evenemint foar de alfde kear hâlden.