Sjarme-offensyf definsje

11 okt 2012 - 11:27
  • Militêr jout les op skoalle
  • Harkje nei de reportaazje

Definsje is dwaande mei in sjarme-offensyf. Mei lessen op skoalle en in grutte dei yn de binnenstêd fan Ljouwert wol de Johannes Postkazerne yn Havelte de bannen mei Fryslân oanhelje.

Bern fan de groepen 7 en 8 fan de Johan Willem Friso skoalle yn Ljouwert krigen tongersdeitemoarn les fan sersjant-majoar Eising fan it rezjimint Johan Willem Friso. Hy fertelde ûnder oare oer syn wurk yn Sebrenica en Afganistan. Op 18 oktober komme 450 militêren út Havelte nei Ljouwert. Der is dan in defilee en der wurde ûnderskiedings útrikt.

(advertinsje)