Skilderwurk nominearre

11 okt 2012 - 11:01

It skilderswurk fan 'e Laurentiustsjerke yn Raerd makket kâns op de jierlikse lanlike skildersfakpriis. De Vriesia Skildergroep út Snits en Artdecor Heerenveen hawwe it wurk yn Raerd útfierd. Se hawwe ûnder oare houtdielen fergulde en houtimitaasjes makke.

De nominaasje fan Raerd falt yn de kategory dekoraasjeskilderwurk. Filmkes oer alle nominearren yn alle trije kategoryen binne te sjen op www.nationaleschildersvakprijs.nl. It publyk kin oant en mei 19 novimber stimme. De winners wurde dan op 22 novimber bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)