Gjin Friezen op WK darts

It is de Fryske topdarters Rick Hofstra (Snits) en Dennie Bos (Aldeberkeap) net slagge om harren te pleatsen foar it WK darts, better bekend as de Lakeside. Rick Hofstra ferlear yn de kwalifikaasje mei 2-1 fan de Deen Vladimir Andersen. Dennie Bos ferlear yn it kwalifikaasjetoernoai mei 2-0 fan de Amerikaan Robbie Philips.
Beide darters hawwe noch ien kâns om harren dochs noch foar it WK te pleatsen. De winner fan de Winmau Masters, in toernoai dat dit wykein yn Ingelân hâlden wurdt, mei ek nei de Lakeside.