Aksje foar homo-akseptaasje

10 okt 2012 - 20:00

Yn Ljouwert en Snits wurde tongersdeitemoarn flaggen mei in reinbôge útstutsen. Doel is om de akseptaasje fan homoseksualiteit te fergrutsjen. It hisen fan de flaggen bart yn estafettefoarm ek yn 36 oare gemeenten yn Nederlân.

Ljouwert en Súdwest-Fryslân binne al in pear jier koprinner-gemeente as it giet om homo-emansipaasje. Dat betsjut dat se har dêr ekstra foar ynsette. De flaggen wurde útstutsen troch de wethâlders Ekhart en Sinnema en minsken fan homobelangeorganisaasje COC en antydiskriminaasjeburo Tûmba.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)