GGZ hat no digitale tafel

10 okt 2012 - 18:03

Meiwurkers en kliïnten fan GGZ Fryslân yn Frjentsjer hawwe woansdei in digitale 'surface-tafel' yn gebrûk nommen. In surface-tafel is eins in soarte fan super-grutte tablet, dy't geskikt makke is foar gebrûk yn de geastlike sûnenssoarch.

De 224 bewenners fan de GGZ yn Frjentsjer kinne mei help fan de surface-tafel harren eigen wykplanning meitsje. De begelieding wol de bewenners mei help fan de tafel mear aktivearje en ek wer mear it stjoer oer har eigen libben jaan. De earste reaksjes op de surface-tafel wiene woansdei optein.

As de tafel goed foldocht wol GGZ Fryslân ek de oare fjouwer sintra yn Fryslân fan sa'n surfacetafel foarsjen. It jonge Fryske IT-bedriuw Freed hat de surface-tafel yn gearwurking mei GGZ-ôfdieling MindUp klearmakke foar gebrûk yn de geastlike sûnenssoarch. Neffens MindUp rint de GGZ-Fryslân yn Frjentsjer mei dizze nije foarsjenning foarop yn Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)