DS:net ekstra jild dramasearje

It gebou fan Omrop Fryslân yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Deputearre Steaten ha foarearst gjin ekstra jild oer foar in nije Frysktalige dramasearje by Omrop Fryslân. De Omrop en Tryater ha plannen foar sa'n searje, mar ha noch jild tekoart. Guon fraksjes yn de Steaten trunen oan op in ekstra bydrage. Neffens deputearre Jannewietske de Vries krijt Omrop Fryslân al ekstra jild foar it meitsjen fan sa'n searje en sjocht se net yn wêrom't der noch wer in bedrach boppe op komme moat. Al seit se ta yn har begrutting te sjen oft der earne jild lizzen bliuwt foar it meitsjen fan sa'n searje.