Ferwûne by botsing by Marrum

© Foto Anton Kappers
By in oanriding tusken twa auto's op de Ljouwerterdyk by Marrum is woansdeitemiddei ien man ferwûne rekke. It slachtoffer rekke troch de klap beknipe en moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. Twa oare belutsenen binne troch meiwurkers fan de ambulânse op it plak fan it ûngelok behannele. Hoe't it koe dat de twa auto's tsjin mekoar botsten, is noch net bekend.