Wer aksje foar Sionsberg
De striid om it behâld fan bertesoarch yn De Sionsberch giet troch. Minister Schippers bliuwt by har beslút om de ôfdieling te sluten. De minister skreau yn in brief dat dat net om finansjele redenen is, mar dat it om kwaliteit giet. In rapport fan de gemeente leit se njonken har del. Jouke Douwe de Vries, fraksjefoarsitter fan it CDA yn Dongeradiel ropt op ta aksje.