Fuotsjes-aksje yn Drachten

10 okt 2012 - 10:32

De plysje hat tiisdei yn Drachten aksje fierd om wenningynbraken foar te kommen. Yn ferskate wiken gong de plysje op paad, yn gearwurking mei wenningkorporaasjes. Se leine saneamde 'fuotsjes' del by iepensteande ruten, losse achterdoarren en auto's dy't net op slot wiene. De plysje wol mei de aksje boargers bewust meitsje fan hoe't ynbrekkers te wurk geane. Se ha 1500 huzen besocht.

Trefwurden: 
Drachten plysje fuotsjes
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)