Tsjûge socht fan botsing

10 okt 2012 - 10:10

De plysje siket tsjûgen fan in oanriding tusken twa fytsers. Freed 14 septimber rekken twa fytsers by Sopsum slim ferwûne doe't se troch ûnbekende oarsaak botsten. It gie om in ynwenner (56) út Tsjom en in ynwenner (48) fan Arum. De bestjoerder fan in reade Vokswagen type Kever of type Beetle soe de oanriding mooglik sjoen ha. De tsjûge kin belje mei de plysje.

Trefwurden: 
plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)