4 Minsken ferwûne by ûngelok

10 okt 2012 - 08:42

By it ûngelok tiisdei by Ljouwert en de ôfslach nei de Wâldwei binne 4 minsken ferwûne rekke. Yn de auto dy't út Ljouwert kaam en rjochting Drachten linksôf sloech sieten in 43-jierrige frou út Aldehoarne en in famke fan 17 út Jobbegea. In auto út de rjochting Wergea botste der boppe-op. Dêryn sieten in frou fan 37 út Reduzum en in famke fan 6 jier. Alle fjouwer minsken binne nei it sikehûs brocht. It ûngelok barde ein fan de middei; de ûntstiene file duorre oant seis oere.

(advertinsje)