Skulpepaden It Amelân te djoer

10 okt 2012 - 08:20

It ûnderhâld fan de goed 30 kilometer oan gemeentlike skulpepaden op It Amelân driget te djoer te wurden. Dat seit wethâlder Nico Oud. De gemeente besjocht oft fan de skulpepaden betonpaden makke wurde kinne. De skulpehannelers wolle de oanfier net mear per skip oer de Noardsee dwaan. Ferfier oer de fêste wâl is djoerder. De kosten binne 70.000 euro en rinne op oant in ton yn it jier. De skulpepaden binne hiel populêr. Neist de gemeente hat Steatsboskbehear ek noch skulpepaden op it eilân.

Trefwurden: 
Amelân skulpepaden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)