Soad belangstelling foar Muse

09 okt 2012 - 21:31

Goed 40 keunstners ha har oanmelden foar it nije Omrop Fyslân TV-programma Muse. Yn dat programma, dat makke wurdt yn oparbeidzjen mei it Fries Museum, wurdt socht nei nij Frysk keunsttalint. Direkteur Saskia Bak is optein oer it hege tal oanmeldings dat yn ien wike binnen kaam is. Alle keunstdissiplines binne fertsjintwurdige, al binne skilders yn de mearderheid. Oanmelde foar Muse kin noch oant 11 novimber.

Trefwurden: 
Muse keunsttalint
(advertinsje)