Kollumerlân wol weryndieling

09 okt 2012 - 16:16

Boargemaster en wethâlders fan Kollumerlân kieze foar in fúzje mei de gemeenten Dongeradiel en Dantumadiel, mooglik oanfolle mei Ferwerderadiel. It kolleezje sjocht mear yn in weryndieling as yn in amtlike gearwurking.

Sûnder fúzje komt de bestjoerskrêft hieltyd mear ûnder druk te stean. Der komme mear taken op de gemeente ta, wylst der minder jild beskikber is. Earder dit jier hifke de gemeente hoe't de ynwenners deroer tinke op trije ynformaasjejûnen.

De gemeenteried fan Kollumerlân moat úteinlik beslute oer de takomst fan de gemeente. De ynwenners fan Kollumerlân kinne takom wike woansdei 17 oktober harren miening jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)