Net samar ryksjild foar Thialf

15 des 2011 - 12:21

Minister Schippers van folkssûnens, wolwêzen en sport jout net samar 40 miljoen oan in nij Thialf op It Hearrenfean. Har wurdfierder wiist op de penibele finansjele situaasje op dit stuit en it beheinde budzjet dat de minister foar sokke grutte projekten hat. Schippers sil earst it plan wiidweidich bestudearje en komt dan mei in offisjele reaksje.

Woansdei waard it plan foar in folslein nij iisstadion presentearre. De kosten binne 100 miljoen. Dêrfan wolle de provinsje en de gemeente 40 miljoen bydrage en de minister is frege datselfde bedrach te jaan. Fan bedriuwen wurdt 20 miljoen ferwachte. De plannemakers wolle graach it stadion yn 2015 iepenje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)