Ferwûnen oanriding Haulerwyk

15 des 2011 - 12:18

By in oanriding fan twa auto's yn Haulerwyk is ien persoan slim ferwûne rekke. De traumahelikopter kaam derby. De automobilist sit fêst yn it wrak. Op de Hoofdweg Boven kamen tongersdeitemoarn twa auto's mei inoar yn botsing. De oare bestjoerder is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De Hoofdweg Boven tusken Waskemar en Haulerwyk is ôfsluten foar alle ferkear.

Trefwurden: 
Haulerwyk
(advertinsje)