Oerfaller jout himsels oan

© ANP XTRA
In 20-jierrige Ljouwerter hat himsels it wykein oanjûn omdat er in winkel oerfallen hat. Freeds wie er mei in mes in winkel oan de Voorstreek binnenrûn en hie er de meiwurkers bedrige oant se him jild joegen. De plysje socht de omjouwing ôf en skeakele Burgernet yn, mar fûn de oerfaller net. De oare deis belle er de plysje om te fertellen wat er dien hie. De man is oanhâlden en sit noch fêst.