Plysje fynt stellen kompjûter

© Omrop Fryslân
Troch in spesjaal opspoaringsprogramma hat de plysje in stellen kompjûter weromfûn. By in wenningynbraak op de Witte Finne yn Ljouwert op 26 novimber waard ûnder mear in kompjûter stellen. De eigner hie in programmaatsje ynstallearre dat soarget dat de kompjûter te trasearjen is. Dat ferwiisde nei in adres yn Doanjum. Yn it hûs fan de 31-jierrige fertochte waard mear guod fûn dat nei alle gedachten stellen wie.
De man is oanhâlden op fertinking fan ynbraak en heling. De man wurdt fertocht fan belutsenheid by minimaal 5 ynbraken.