Beslút oer Parnas útsteld

Parnas © Google Street View
De gemeente Ljouwert beslút pas takom moanne oer de takomst fan it keunst- en kultuerûnderwiis yn de stêd. Dat die woansdeitejûn bliken by in kommisjegearkomste. De trije kolleezjepartijen PvdA, CDA en Pal/GroenLinks wolle de ekstra tiid brûke om in eigen besunigingsplan út te wurkjen.
It kolleezje fan b. en w. yn Ljouwert wol 1 miljoen euro besunigje op keunst en kultuer yn de gemeente. It sintrum foar de keunsten Parnas sil dêrtroch ferdwine. De lieding fan Parnas hat lykwols in eigen besunigingsplan presinteard. PvdA, CDA en Pal/GroenLinks wolle no mooglik eleminten fan it Parnasplan oernimme, hoewol dat wol 200.000 euro minder oan besuniging opsmyt.