'Taak Omrop moat yn mediawet'

© Omrop Fryslân
De ministers Donner en Van Bijsterveld fine dat de taken en posysje fan Omrop Fryslân opnaam wurde moatte yn de mediawet. De ministers jouwe yn in brief ek oan dat der net besunige wurde sil op it budzjet foar de Omrop. De provinsje hat earder wol in besuniging fan 1,2 miljoen euro oplein. As de taken fan de Omrop yn de mediawet komme, hat dat gefolgen foar de programmearring. Oft de Omrop úteinlik in eigen stjoerder hâldt of meigiet yn de finsterprogrammearring op Nederlân 3 is noch net bekend. De ûnderhannelings tusken de regionale omroppen en de NPO rinne noch.