Undersyk nei ferdwining man

De plysje ûndersiket de ferdwining fan Samuel Charley út Gambia. De man (40) is it ôfrûne wykein yn Nederlân oankommen foar in fakânsje. Hy útfanhuze by de famylje Bergsma yn Burgum. Bergsma hat Charley kennen leard om't er mei syn freondinne ferskate projekten docht yn it Afrikaanske lân. Samuel Charley is tiisdeitemoarn fuortgien om in eintsje te draven. Dêrnei is neat mear fan him fernaam. De plysje freget om nei de man út te sjen.
Bergsma makket him bot soargen. Hy tinkt net dat Samuel Charley samar útnaaid is.