Mingde gefoelens oer 'Henk'

09 okt 2012 - 15:27
  • Mingde gefoelens oer 'Henk ten Hoor'
  • Bedriuwslieder Shantha Feenstra fan De Westereen

Wurknimmers fan kleanwinkelketen Henk ten Hoor dy't tiisdei wer oan de slach koene, hawwe dêr dûbele gefoelens oer. Sels binne se bliid dat harren saak nei in wike wer iepen koe. Dochs stean se ek stil by it personiel fan de saken dy't wol ticht bliuwe. Yn Fryslân binne dat sân fan de santjin.

Op De Westereen koene tiisdeitemoarn de doarren wol wer iepen. De bedriuwsliedster en de klanten wiene dêr bliid mei.

Trefwurden: 
Henk ten Hoor
(advertinsje)