Fiskkarre stellen yn Stynsgea
Yn Stynsgea is sneintenacht in fiskkarre stellen. De fiif meter lange karre is wyt mei ûnderoan in blauwe baan mei it wurd Vishandel en in ôfbylding fan in orka derop.
De fiskkarre ferdwûn yn de nacht fan snein 7 op moandei 8 oktober. In 66-jierrige ynwenner fan Stynsgea hat oanjefte dien fan 'e stellerij. De plysje is noch op syk nei de dieder.