Minder kursisten Frysk by Afûk

It tal dielnimmers oan de kursussen Frysk fan de Afûk sakket bot. Foar it nije seizoen giet it sels om 20 persint minder. Benammen de ynstapkursus Frysk rint net goed. Dat komt trochdat minder minsken út it westen nei Fryslân ta ferhúzje. Dêrneist hawwe minsken minder jild te besteegjen en is der minder frije tiid, seit direkteur Eekma.
Om dochs mear minsken te lûken past de Afûk it kursusoanbod foar in part oan. Sa sil de kursus op mear plakken oanbean wurde en is der in mooglikheid ta it folgjen fan in folle koartere kursus.