Oppakt foar ûntucht mei famkes

08 okt 2012 - 16:41

In jonge (13) is oppakt foar ûntuchtige hannelings mei in lyts famke op 'e Harkema, twa wike lyn. Dat hat in wurdfierder fan it Iepenbier Ministearje befestige. De jonge hat al bekend. In oare jonge dy't op snein 23 septimber by de fertochte wie, is net oanhâlden. Hy hie neat mei de ûntuchtige hannelings út te stean, neffens it Iepenbier Ministearje.

De plysje hie earder al tsjûgen oproppen. De ûntuchtige hannelings barden de middeis op De Fûgelkamp, op in paad njonken de fuotbalfjilden. It famke is jonger as tsien jier.

It famke koe net in goed sinjalemint jaan fan de jonges. De 13-jierrige jonge sit noch fêst. It Iepenbier Ministearje wol net sizze oft de jonge ek fan 'e Harkema komt, mar befestiget dat er út de buert komt.

Trefwurden: 
ûntucht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)