Gaslek: boer net oanspraaklik

08 okt 2012 - 15:27

Boer Doeke Osinga wurdt troch de Gasunie net oanspraaklik steld foar de skea as gefolch fan it gaslek dat in moanne lyn ûntstie op syn lân by Kimswert. By wurk op it lân rekke de boerehelp de gasbuis dy't folle heger lei as gewoanwei. Nei alle gedachten is de buis yn de rin fan de tiid omheechkaam yn de grûn.

De gaslieding wurdt no djipper lein. Hy sil ynkoarten wer yn gebrûk naam wurde. By it gaslek spuite sawat 50.000 kúb gas de loft yn, goed foar in jier gasferbrûk fan 35 húshâldens.

Trefwurden: 
Kimswert gaslek
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)