Skelet fan hynder yn terp fûn

By opgravings yn in terp by Dronryp is in skelet fan in kompleet hynder fûn dat mooglik út de Romeinske tiid stamt. It bist is nei alle gedachten yn de earste of twadde ieu nei Kristus yn in wetterput smiten. De fynst is bysûnder om 't hynders yn dy tiid in tige kostber besit wiene foar boeren. Dy hiene foaral kij en skiep.
De Ryksuniversiteit fan Grins is al in pear wiken oan it graven by Dronryp. Der wurdt socht nei spoaren fan bewenning út de iere midsieuwen en earder.
No snein is der iepen dei op it plak fan 'e opgravings. Dan binne de resten te besjen foar it publyk. It skelet en de pot gean dêrnei nei de Ryksuniversiteit yn Grins foar ûndersyk. Letter wurde se opslein yn in depot yn Nuis. Mooglik binne se dan yn in folle letter stadium wer earne yn Fryslân te besjen.