Parkoers triatlon te lang

It Amelân © ANP XTRA
It swimparkoer fan de Tri-Ambla-triatlon op It Amelân fan mids septimber wie te lang. De organisaasje hat him ferrekene. Yn plak fan tûzen meter wie it swimrûntsje 1500 meter. Dêrtroch hawwe 350 fan de 800 dielnimmers in langere ôfstân swommen yn 'e Waadsee as oanjûn wie. In soad dielnimmers hiene deroar klage nei in tiid dy't ôffoel.
Mei de gps-gegevens fan ferskate dielnimmers is de organisaasje achter de flater kaam. Nei alle gedachten is dy ûntstien trochdat in anker fan ien fan de boeien net mear te finen wie.
By de nije berekkening is it misgien. It bestjoer hat syn eksuzes oanbean op de webside.