Mooglik besmet strie ynfierd

14 des 2011 - 11:54

Fia in hanneler yn Damwâld is mooglik besmet strie út Turkije by 100 adressen kommen. De Voedsel en Warenautoriteit sil dizze bedriuwen 20 wiken lang kontrolearje, om't fia it strie mooglik feesykten lykas tongblier oerbrocht wurde kinne. De bedriuwen geane net op slot, mar wurde strang kontroleard. De hanneler hie noch net earder strie út Turkije kocht. Hy hie dat no dien, om't der hjir te min oanbod fan strie wie. Sawol de hanneler as de VWA wolle gjin reaksje jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)