Provinsje: Rapport docht sear

Yn it rapport-Samson oer misbrûk yn jeugdsoarch dat moandei presintearre is, stean konklúzjes dy't sear dogge. Dat seit deputearre Schokker fan de provinsje Fryslân. De kommisje konkludearret dat misbrûk yn tehuzen 2,5 kear sa faak foarkomt as yn gewoane gesinnen. Ien fan de oanbefelings is om de rezjy oer de jeugdsoarch by de provinsje te litten en net oer te dwaan oan de gemeenten, sa't Den Haag wol. Deputearre Schokker fynt dat spitich. Neffens har is dy feroaring al hielendal yn gong setten en giet dat krekt goed.
By it oergean fan de jeugdsoarch nei gemeenten soe te folle kennis ferlern gean, tinkt de kommisje Samson. De kâns op ûntdekken fan misstannen soe dan lytser wurde.
Deputearre Schokker sjocht yn it oerdragen fan de rezjy fan de provinsje nei de gemeenten ek as in kâns om saken krekt better te regeljen. Gemeenten hawwe sels ek útdruklik frege om in goede oerdracht fan de kennis dy't de provinsje no hat. De deputearre hat der betrouwen yn dat dy oerdracht der ek komt.