Publykskampanje foar moardsaak

08 okt 2012 - 12:14

De plysje set út ein mei in publykskampanje om antwurd te krijen op in tal wichtige fragen oer de moard op de 67-jierrige Marijke Heijltjes yn Easterwâlde. De frou waard op 12 septimber dea fûn.

De plysje siket foaral nei ynformaasje oer de lêste dei fan Heijltjes. Sa wurdt der in filmke mei dêrop in rekonstruksje fan dy lêste dei op YouTube set en komme der posters te hingen mei in foto fan de frou en de oprop oan minsken om harren te melden. Op de plysjewebside Dader Gezocht komt ek ynformaasje te stean.

Plysjewurdfierder Nauta neamt de moardsaak it in lestich ûndersyk. Spesifike diederynformaasje lykas de wize wêrop't de frou om it libben kaam is, wurdt op dit stuit noch net nei bûten brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)