Nije kwelder by Skier te djoer

08 okt 2012 - 11:55

De oanlis fan in kwelder by de jachthaven fan Skiermûntseach mei slyk út de haven is te djoer foar de gemeente. It útdjipjen fan de haven is al jierren in probleem omdat it djoer is en it baggerdepot op it eilân fol sit. It nije bûtendyks lân soe komme tusken de feardaam en de haven.

It Ministearje fan Natoer en Milieu hat grutte kanttekens by it plan. It kwelderplan soe 150.000 euro yn it jier kostje. It baggerjen kostet no 70.000 euro yn it jier. Skier hâldt dêr lykwols earst noch wol oan fêst.

Net baggerjen is gjin opsje. Mear as de helte fan de wettersporters komt net mear nei Skier as se droechfalle moatte yn de haven, sa hat bliken dien út in enkête.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)