Bedriging mei stekwapen
De plysje hat sneintejûn op de Easterkade yn Ljouwert in 58-jierrige man út Ljouwert oanhâlden foar bedriging. Hy soe twa plakgenoaten mei in stekwapen bedrige hawwe. It giet om in frou fan 52 jier en in 33-jierrige man.
De oanlieding fan de bedriging is noch ûndúdlik. De fertochte sit fêst.