Rútfernielers oppakt

08 okt 2012 - 10:34

Op 'e Gordyk is sneintejûn in 43-jierrige man út dat plak oanhâlden foar fernieling. Hy soe de ruten fan in foardoar fernield hawwe. Dat wie by in wenhûs oan de Formanjestrjitte. De reden fan de fernieling is noch ûndúdlik.

Yn Bakkefean is snein ek in fernieler oanhâlden. Hy soe in rút fan in wenhûs en fjouwer autoruten stikkenmakke hawwe. De 46-jierrige fertochte út it doarp waard oanhâlden op de Nije Buorren. Hy sit fêst op it plysjeburo foar ûndersyk.

Trefwurden: 
De Gordyk fernieling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)