Flyers wint fan lânskampioen

08 okt 2012 - 08:27

De Friesland Flyers ha sneintejûn mei 6-2 fan regearend lânskampioen Geleen wûn. Yn de útwedstriid setten de Feanster iishockeyers goed útein. De earste perioade waard mei in 3-0 winst ôfsletten, in flinke tik foar de kampioen fan it ôfrûne seizoen. Ek de twadde perioade wie mei 3-2 foar de Flyers. Yn de tredde perioade foelen gjin doelpunten mear. Kevin Bruijsten wie mei trije goals topskutter oan de kant fan de Flyers.

Trefwurden: 
iishockey Friesland Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)