Blauhús wint Gouden Gurbe

08 okt 2012 - 07:55

It iepenloftspul 'It Deiboek' fan Blauhús hat dit jier de Gouden Gurbe foar de bêste foarstelling wûn. It iepenloftspul is in bewurking fan de tillevyzjesearje Dagboek van een Herdershond. De publykspriis gie nei it berne-iepenloftspul fan Easterwierrum.

De Gouden Gurbe foar bêste haadrol gie nei Fokke Plantinga. Hy spile Viktor Nikolaj yn 'Ut 'e loft' yn Dronryp. Der wiene ek twa Gurbes foar bêste byrol. Dy giene nei Thijs Meester fan it stik 'Snorro' yn Ljouwert en nei Oane Swart fan 'De goede, de minne en de lillike' yn Jorwert.

Trefwurden: 
Iepenloftspul Gouden Gurbe
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)