SCO wint op nipperke fan LDODK

07 okt 2012 - 16:18

De Fryske kuorbalderby tusken LDODK en SCO is snein mei 13-12 wûn troch de ploech út Aldeholtpea. Beide ploegen holden elkoar it earste kertier knap yn lykwicht op sportpark Koartsweagen. SCO brocht de tuskenstân foar it skoft op 8-6 yn har foardiel.

Nei it skoft wie SCO skerper yn de ôfrûning. Mei noch 10 minuten op 'e klok kaam de ploech fan trainer Hillebrand Diever op in komfortabele 12-7 foarsprong. Yn in spannende slotfaze fjochte de thúsploech fan Jan Sjoerd Pool him knap werom. De beslissende treffer foel úteinlik yn de lêste minút.

Mei de oerwinning docht SCO goede saken yn de haadklasse A. De ploech stiet mei 4 punten út 6 wedstriden op it fyfde plak. LDODK wachtet noch altyd op de earste oerwinning. De formaasje fan trainer Jan Sjoerd Pool fine wy werom op it achtste en lêste plak.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK SCO
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)