Hemmen kâns op 'Bronzen Stier'

07 okt 2012 - 15:41

Spits Michiel Hemmen fan Cambuur is nominearre foar de 'Bronzen Stier' foar bêste spiler yn de Jupiler League. Trainers en oanfierders hawwe fjouwer spilers oanwiisd dy't opfallend goed prestearje. Op freed 19 oktober sille de winnaars bekend makke wurde.

Ek taskôgers kinne stimme op de bêste spiler. Dat kin fia de webside fan Jupiler League. Stimme kin oant en mei woansdei 10 oktober.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)