Fryske judoka's sterk by NKT

07 okt 2012 - 15:24

De judoka's fan JTS Hearrenfean ha goede saken dien by it Nasjonaal Kwalifikaasje Toernoai yn Eindhoven. By de manlju pakte Wytze de Jong de oerwinning yn de klasse -66 kg. Tjeerd Tjeerdsma waard twadde yn de klasse -73 kg. Carlos de Matos Fernandes einige as 5e yn de klasse -81 kg.

By de froulju waard Julia van der Molen 3e yn de klasse -52 kg. It poadium yn de klasse -63 kg wie hielendal Frysk. Iris Iwema wûn, Margiet Bergstra waard 2e, folge troch Eléa de Gans. Winst wie der ek foar Gerdien Kupers yn de klasse +78 kg.

De earste seis judoka's yn eltse gewichtsklasse pleatse har foar de Lotto NK judo 2012 op 20 en 21 oktober yn Rotterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)