Snitsers oppakt foar geweld

07 okt 2012 - 15:05

De plysje hat sneontenacht yn Snits trije ynwenners fan dy stêd fan 28, 27 en 19 jier oanholden foar iepenlik geweld tsjin persoanen. In groep jongeren hie sûnder oanlieding in groep stappers út Langwar en Grins oanfallen op de Leeuwarderweg. Inkele plysjes giene mei in pear tsjûgen op syk nei de fertochten. Al gau koene de trije mannen op oanwizing fan tsjûgen oanholden wurde. It trio waard foar neier ûndersyk ynsletten op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Snits geweld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)