Man ferwûne by fal fan 8 meter
Yn Minnertsgea is sneon in 41-jierrige ynwenner ferwûne rekke doe't er by wurksumheden troch it dak sakke. Hy makke in fal fan sa'n 8 meter. Mei letsel oan ûnder oaren de rêch waard it slachtoffer mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De Arbeidsynspeksje stelt in ûndersyk yn.