Stroomsteuring Aldegea foarby
Ynwenners fan Aldegea en Earnewâld hawwe wer stroom. Dat lit netbehearder Liander witte. Sûnt sneintemoarn njoggen oere wie der in steuring yn de doarpen. Dat kaam omdat in tal stasjons útfallen wie. De oarsaak dêrfan is noch net bekend. Sûnt alve oere hawwe alle 500 troffen oanslutings wer stroom.