H'fean lyk yn spektakelstik

Sportklup Hearrenfean kaam yn Arnhem trije kear op foarsprong tsjin Vitesse, mar dochs wûnen de Feansters net. It waard 3-3. Nei in dreech begjin - Mike Havenaar fan Vitesse wie in pear kear tichtby in doelpunt - soarge Alfred Finnbogason foar de foarsprong. Yn de twadde helte makke Wilfried Bony de lykmakker. Troch Finnbogason en dêrnei wer Bony waard it 2-2. Sven Kums soarge mei in moaie frije traap opnij foar in Feanster foarsprong. Yn de 79e minút krige Arnold Kruiswijk syn twadde giele kaart en Bony in stafskop: 3-3.