Harkiten pakke tredde lykspul

Harkemase Boys hat sneon op eigen fjild mei 3-3 lykspile tsjin WHC. Mei syn earste kompetysjetreffer sette Heine Uuldriks de Harkiten op 1-0. Binnen in kertier spyljen wist de ploech út Wezep de efterstân lykwols om te kearen yn in 2-1 foarsprong.
Nei it skoft wreide WHC de foarsprong út nei 3-1. De twadde treffer fan Uuldriks soarge foar nije spanning. De Boys moasten mei 10 man fierder nei 2x giel foar Jasper Valentijn. Mei noch 2 minuten te gean wie it Age Hains Boersma dy't fan 11 meter in swierbefjochten punt út it fjoer sleepte.
Harkemase Boys stiet no mei 3 punten út 6 wedstriden op it ien nei lêste plak yn de haadklasse C.