Opkomst DNA-ûndersyk tige grut

06 okt 2012 - 15:50
  • Soad praat oer Vaatstra-ûndersyk yn De Westereen
  • Parse-offisier Pieter van Rest

De opkomst by it DNA-ûndersyk yn de saak Vaatstra is tige grut. Sneontemiddei makke justysje bekend dat oant no ta goed 70 prosint fan de útnoege mannen DNA ôfstien ha. Wa't noch net meidien hat, mar dat al wol, hat oant en mei tongersdei de mooglikheid.

Sneon koe ek noch op sân plakken wangslym ôfstien wurde. Ek dêr kaam wer sa'n 70 prosint fan de oproppen manlju opdaagjen. Justysje is tige te sprekken oer it resultaat oant no ta.

(advertinsje)