Drokke kaartferkeap yn Snits

De earste 2000 kaarten foar de bekerwedstryd tusken ONS Snits en Ajax op 31 oktober wiene sneon 10 oere al ferkocht. De kaartferkeap sette om njoggen oere útein en it rûn stoarm. De kaartferkeap is sneon allinnich foar de 700 leden fan ONS. Dy meie elk maksimaal 5 kaarten meinimme. Hoefolle kaarten der yn totaal ferkocht wurde kinne, is noch net hielendal wis.
Ek by Snits Wyt-Swart is de kaartferkeap foar de beker los. Ek dêr is it drok. Sy nimme it 1 novimber op tsjin AZ.