Flyers nei pengels ûnderút

05 okt 2012 - 23:33

De iishockeyers fan de Friesland Flyers hawwe de earste kompetysjewedstriid nei pengels ferlern fan Tilburch. Nei de reguliere spultiid wie de stân 2-2. Yn de ferlinging waard net skoard en dus moasten penaltyshots de beslissing bringe. Dêryn wie Tilburch mei 3-1 te sterk.

Yn de wedstriid kamen de Flyers op foarsprong fia Michael Nason. Tilburch skoarde dêrnei twa kear mar Kevin Bruysten besoarge de Feansters toch noch in punt. Om't Tilburch de pengels better naam giene sy mei twa punten nei hûs.

Snein moatte de Flyers op besite by de regearend lânskampioen Geleen.

Trefwurden: 
iishockey Friesland Flyers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)