SC Cambuur twadde nei winst

05 okt 2012 - 22:49

Sportklup Cambuur is troch in 2-1 oerwinning op FC Dordrecht nei it twadde plak klommen yn de Jupiler League. De Ljouwerters begûnen net goed oan de wedstriid, mar geandewei de earste helte pakte Cambuur de rezjy. Neidat Tim Keurntjes earst de latte rekke, skoarde Michiel Hemmen wol. Mei syn sânde goal fan it seizoen brocht hy de stân op 1-0.

Krekt net it skoft makke Erik Bakker de 2-0. It waard noch spannend oan de ein doe't Mawouna Amevor 2-1 makke, mar fierder liet Cambuur it net komme. De earste perioadetitel gie nei MVV.

By Cambuur mocht Jonathan Vosselman wer ris yn de basis begjinne, te'n koste fan Lucas Bijker. Foar Vosselman betsjutte dat syn 200e wedstriid yn it betelle fuotbal.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)